Aksje tsjin slûpferkear

© Omrop Fryslân
Bewenners fan de Spanjaardsleane yn Ljouwert hawwe tongersdei aksje fierd tsjin it slûpferkear yn har strjitte. No't parten fan Ljouwerter diken iepen lizze, sykje automobilisten alternative rûtes.
Op de Spanjaardsleane is it dêrtroch in stik drokker wurden. Guon auto's ride ek noch te hurd. De bewenners wolle de gemeente derfan oertsjûgje dat de auto's de strjitte út moatte. Se ha ek brieven skreaun oan gemeente en kranten.