Diere-asyl bliuwt yn Lúnbert

© Omrop Fryslân
It diere-asyl fan de gemeente Hearrenfean ferhúzet net nei Drachten ta. Dy ferhuzing wie earder wol in opsje, om't it hjoeddeiske asyl yn Lúnbert net mear oan de easken foldocht. Mar de frijwilligers fan it diere-asyl seagen in ferhuzing nei Drachten net sitte.
Ferbou fan it asyl yn Lúnbert is te djoer, dus siket it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om in oare geskikte romte yn it doarp.