Toetsing pjutten yn Ljouwert

29 apr 2005 - 08:54

Alle pjutten dy't nei in pjutteboartersplak yn Ljouwert geane, sille tenei toetst wurde. Yn de test wurdt sjoen nei de sosjale, motoaryske en taalkundige ûntwikkeling fan de bern. It sa betiid testen fan bern hat in soad diskusje oproppen.

Guon saakkundigen fine dat bern te gau as probleemgefal sjoen wurde. Bern oant 6 jier skommelje yn har ûntwikkeling. Stifting Welzijn Ljouwert wyt dêrfan, mar wol efterstannen wol opspoare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)