Juf Ingrid koe foto's net keare

28 apr 2005 - 15:53

Juf Ingrid fan 'e Harkema hat om 'e nocht besocht in wiidweidige bleat- reportaazje yn seksblêd Foxy op te kearen. Nei't yn it aprilnûmer fan Foxy alfêst in priuwke jûn is fan Ingrid en har freondinne Durkje, komme der yn it maaienûmer noch mear foto's fan beide froulju te stean. Dat nûmer wie lykwols al printe foar't de opskuor ûntstie.

It blêd dêr't de bleatfoto's yn stean is folslein útferkocht. It blêd hat de froulju dêrom útnoege foar in itentsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)