Jongereinwurkers op skoallen

© Omrop Fryslân
Skoallen yn Ljouwert krije by wize fan eksperiment in jongereinwurker. De gemeenterie fan Ljouwert is akkoart gien mei in proef dêrfoar. Dy kostet 175.000 euro. De jongereinwurkers krije as taak om op de middelbere skoallen narjen, yntimidaasje en geweld tusken learlingen foar te kommen.
Wethâlder Hafkamp hat de riedsleden tasein dat se ek in notysje oer it jongereinwurk skriuwe sil. De proef duorret foarearst in jier.