Gjin nij kontrakt foar Jan Bruin

28 apr 2005 - 13:34

Fuotballer Jan Bruin krijt nei dit seizoen gjin kontraktferlinging by Cambuur. Bruin bliuwt noch wol as jeugdtrainer foar it nije seizoen. De 35-jierrige spits út Tsjom is tige teloarsteld oer it beslút fan Cambuur. Hy fielt him fit genôch om der noch in jier as spiler oan fêst te knoopjen.

Bruin sil op syk nei in oare klub yn it betelle fuotbal, of oars in amateur- haadklasser. Hy hat mei ûnderbrekkings 10 seizoenen foar Cambuur spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)