Aksje tsjin Sonac bliuwt

© Omrop Fryslân
De aksjes tsjin kadaverfabryk Sonac yn Sumar gean troch. Aksjegroep Gezond Tytjerksteradiel makket dat bekend. It fabryk mei fan de Rie fan Steat net mear wurkje yn it wykein. Dochs hat Sonac in nije fergunning oanfrege om yn de takomst 24 oeren deis en 7 dagen yn de wike produsearje te meien.
De aksjegroep ferwachtet dat sy yn novimber wer tsjinoer de provinsje en Sonac stean sille by de rjochtbank.