VVV Stellingwerf mei Drinte

28 apr 2005 - 11:02

De VVV fan Weststellingwerf smyt de lapen gear mei de Stichting VVV Drinte Plus. De reden foar de fuzy is dat dêr mear oansluting mei is as mei Fryslân. Sa is de natuer itselde en rinne bygelyks fytspaden yn de Stellingwerven oer yn dy fan Drinte.

De Stellingwerver VVV sjocht mei de gearwurking kânsen om profesjoneler te wurkjen. Folders fan de iene VVV komme bygelyks ek by de oare te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)