Dittrich:nee as it folk nee seit

© Omrop Fryslân
D66-lieder Boris Dittrich wol dat de D66-ministers de Europeeske grûnwet net tekenje as de Nederlânske befolking tsjin is. Dittrich sei dat woansdei op in gearkomste fan D66 yn Ljouwert.
Op 1 juny wurdt in folksrieplachting hâlden oer de Europeeske grûnwet. D66 makket him al jierren hurd foar Europa en foar folksrieplachtings. De partij wol dêrom ek graach tegearre mei it CDA kampanjefiere foar in 'ja' tsjin de Europeeske grûnwet.