Drukkerij LC ferhuzet

28 apr 2005 - 07:04

De drukkerij fan de Ljouwerter Krante ferhuzet yn 2010 nei in nije drukfabryk fan de Noardelijke Dagblad Combinatie. Dizze fabryk sil op in bedriuweterrein tusken Ljouwert en Grins boud wurde.

Doel is dat yn it nije drukfabryk alle kranten fan de NDC drukt wurde sille. It giet dan om de Ljouwerter Krante, it Dagblad van het Noorden en in grut tal hûs-oan-hûs-blêden. De drukkerijen fan de NDC yn Ljouwert en Grinslân gean ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)