'Fryslân hâldt 3 azc's oer'

© Omrop Fryslân
Fryslân hâldt op termyn trije azc's oer. Dat is de ferwachting fan Koos de Vetten, manager fan de asylopfang yn Fryslân. Op dit stuit binne der noch acht azc's yn ús provinsje. Dêrfan sille meikoarten trije slute: Wolvegea, Appelskea en Harns.
It azc fan Wolvegea, dat fjouwer jier lyn iepene is, giet yn maaie al ticht. Woansdei wie der dêrom in soart ôfskiedsfeestje foar bewenners, personiel en frijwilligers.