Minder deadlike ûngelokken

28 apr 2005 - 07:00

Yn Fryslân binne ferline jier minder minsken deadlik ferûngelokke as it jier dêrfoar. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. It tal deadlike slachtoffers is fan 61 nei 38 gien.

De ferkearsplysje seit dat belutsen partijen nau gearwurkje om wat te dwaan oan it probleem. Atobestjoerders wurde boppedat ek wat foarsichtiger. Lanlik is it tal deadlike ferkearsslachtoffers ek bot fermindere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)