'Pardon foar mear asylsikers'

26 apr 2005 - 14:01

D66 Fryslân wol dat der mear asylsikers yn de beneaming komme foar in ferbliuwsfergunning. Dat stiet yn in oprop fan de Fryske ôfdieling oan de Twadde-Keamerfraksje.

Tiisdei wurdt der stimd oer in humaner en in sosjaler belied, fral foar de groep flechtlingen dy't noch ûnder de âlde frjemdlingewet falt. D66 Fryslân seit net tefreden te wêzen mei de wize wêrop it kabinet omgiet mei it asylfraachstik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)