Gemeente:gearwurkje mei tsjerken

26 apr 2005 - 10:31

De gemeente Dantumadiel wol yn de takomst mear mei de tsjerken oplûke op it mêd fan ûnder oaren it jongereinwurk en help oan de âlderein. De gemeente wol op dy wize besykje foar te kommen dat der dûbel wurk dien wurdt. Sa organisearje bygelyks sawol de tsjerken as de gemeente tal fan aktiviteiten foar de jeugd.

Der binne acht tsjerken dy't aktyf gearwurkje wolle mei de gemeente. Wannear't dat begjint is noch net wis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)