Spijkerman 5e by Snitser Omloop

25 apr 2005 - 10:23

De twadde edysje fan de "Omloop van Sneek" foar froulju is snein wûn troch Jaccolien_Wallaard út Noordeloos. Twad en tred waarden Christine_Mos en Adrie_Visser. De bêste Fries wie Bertine_Spijkerman fan Sint_Nyk. De winner fan ferline jier einige as fyfde.

Der ferskynden sawat 150 froulju oan de start, mar healwei de koers wie dêr noch mar de helte fan oer. Troch in tal falpartijen en de hurde wyn lei it fjild al gau fier útinoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)