'Ferhuzing plysjes tryste saak'

24 apr 2005 - 13:35

De oerpleatsing fan seis plysjeminsken fan Flylân nei de fêste wâl is in 'tige tryste saak'. Dat seit boargemaster Van der Mark fan Flylân. De 6 plysjeminsken ha mei yngong fan 1 maaie in baan oanbean krigen yn in oar distrikt.

Neffens Van der Mark wie der ûnder oare skeel oer it útfieren fan it plysjewurk op it eilân. Neffens korpssjef Foeke Wagenaar kinne der gefaarlike situaasjes ûntstean as de plysjes net oerpleatst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)