Histoaryske treinen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Twa histoaryske treinen rieden sneon troch Noard-Nederlân. It giet om de saneamde Hûnekop en de Blauwe Ingel. De spesjale treinrit wie bedoeld foar donateurs fan de stifting Mat '54 Hondekop 4, dy't dit jier tsien jier bestiet.
Publyk mocht in stikje meireizgje. De hûnekop ried fan de jierren '60 ôf tusken Ljouwert en Grins. De Blauwe Ingel ried op de trajekten Ljouwert-Starum en Ljouwert-Harns.