Spesjale hûzen foar lestposten

23 apr 2005 - 16:25

Der komme spesjale hûzen dêr't minsken mei problemen yn terjochte kinne. Wenningkorporaasjes, de feriening Fryske gemeenten en de maatskiplike opfang binne dwaande mei plannen dêrfoar. De hûzen binne bedoeld foar minsken dy't oerlêst feroarsaakje en foar wa't gjin oare oplossing mear is.

Dan giet it bygelyks om minsken mei psychyske problemen dy't ek ferslaafd binne. It is noch ûndúdlik om hoefolle wenten it giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)