Jild foar stik oer IJe Wykstra

23 apr 2005 - 13:29

De stifting iepenloftspul De Harkema hat 1.000 euro subsydzje krigen fan de gemeente Achtkarspelen. De stifting spilet in stik oer IJe Wykstra. Achtkarspelen fynt dat dat goed past yn it kultuer- en taalbelied fan de gemeente. It stik wurdt fan't simmer spile.

IJe Wykstra hat yn 1929 yn it grinsgebiet tusken Fryslân en Grinslân fjouwer fjildwachters deasketten. It ferhaal is ek alris ferfilme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)