Nij herstelprogramma GGZ Fryslân

23 apr 2005 - 13:15

Minsken dy't in psychiatryske krisis meimakke ha, kinne fan maaie ôf op ferhaal komme yn Sint Nyk. Yn it herstelsintrum Wilhelmina-oord fan de GGZ-Fryslân kinne se in programma folgje, dêr't se mei leare om har sels wer te rêden.

It giet om in spesjaal programma, dat yn Amearika ûntwikkele is. Kearn dêrfan is dat de minsken sels oanjouwe wat se wolle en dat se dêryn begelaat wurde troch de helpferlieners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)