Sintrale op snoeihout yn Fryslân

22 apr 2005 - 18:49

Yn it súdeasten fan Fryslân komt mooglik in sintrale dy't stroom opwekt troch it ferbaarnen fan snoeihout. Dat hout kin ûnder oare helle wurde út de bosken yn de fjouwer gemeenten dêr.

It ferkeapjen fan stroom moat jild opsmite. Dat kin dan wer brûkt wurde om it ûnderhâld fan de beammen te beteljen. Yn Dútslân en Denemarken steane al sokke sintrales. Wêr't de sintrale yn Súdeast-Fryslân komt te stean, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)