Europeeske grûnwet yn it Frysk

22 apr 2005 - 14:23

Minister Bot fan bûtenlânske saken hat besletten om de folsleine Europeeske grûnwet fan 492 siden ek yn it Frysk ferskine te litten. De minister skriuwt dit yn syn antwurd op keamerfragen fan GroenLinks. Ryk en de provinsje Fryslân sille de kosten fan 'e offisjele Fryske oersetting diele.

Bot sil de Fryske oersetting ek oanmelde by de Europeeske Uny. Njonken Nederlân meitsje ek Grut-Bretanje en Spanje oersetting yn minderheidstalen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)