Oplossing parkearproblemen socht

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân siket mei faasje nei in oplossing om de parkearproblemen by de bosken fan Beetstersweach op te lossen. Benammen op snein steane de bermen fan de dyk tusken Drachten en Beetstersweach fol mei auto's. Dat soarget foar gefaarlike sitewaasjes.
Wêr't it nije parkearplak komme moat, is noch net dúdlik. Opsterlân wol dêr graach oer prate mei de eigner fan de bosken. Dat is ynfestearingsmaatskippij Anvest, in dochter fan Aegon.