Tichelaar op besite by Tryater
PvdA Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar rint freed staazje by Tryater yn Ljouwert. De keamerleden hawwe de opdracht krigen nei kultuer te sjen en dêr ek te hearren hoe't der tocht wurdt oer it kultuerbelied. Tichelaar hat oanjûn dat er dy opdracht op ynfolje wol by Tryater.
Tichelaar sil ûnder oare in rippetysje bywenje fan 'Hoop & Loos' en hearre hoe't it nije ûnderwiisprojekt 'Rude' ta stân komt.