Undersyk ûnder bibleteekbesikers

© Omrop Fryslân
Der komt in ûndersyk ûnder de besikers fan de bibleteken yn Fryslân. It ûndersyk moat ferbetterpunten opsmite foar de foarsjennings yn dy bibleteken. Yn 45 bibleteken wurde de kommende tiid fragen steld oer saken as de kolleksje, it personiel en de iepeningstiden.
Oan de hân fan de útkomsten wurdt besjoen oft der saken ferbettere wurde moatte. Oer in jier as trije folget in twadde ûndersyk om te sjen oft trochfierde saken effekt ha.