Famke ferwûne op merke Dokkum

22 apr 2005 - 09:57

In famke fan 11 jier is tongersdei ferwûne rekke op de merke fan Dokkum. It ûngemak barde by de sweef. In folwoeksene bleau heakjen achter in bakje fan de attraksje, swaaide de loft yn en foel dernei boppe op it famke.

It bern is mei noch ûnbekende ferwûnings oerbracht nei it sikehûs. De persoan dy't op har foel hie neat. De plysje hat de sweef nei it ûngemak stillein om te ûndersykjen hoe't de botsing krekt plak fine koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)