SC Hearrenfean klear foar RBC

21 apr 2005 - 15:25

De Sportklub Hearrenfean sil freed yn de thúswedstriid tsjin RBC Roosendaal nei alle gedachten mei Klaas Jan Huntelaar en Georgios Samaras yn de spits spylje. Yn de ploech fan trener Gertjan Verbeek keart oanfierder Arek Radomski werom yn de basis.

Yn de striid om Europeesk fuotbal moat Hearrenfean winne. Tsjinstanner RBC stiet leech op 'e ranglist. De ploech út Roosendaal kin de neikompetysje amper mear ûntrinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)