Deputearre Mulder bliuwt sitten

21 apr 2005 - 14:16

Bertus Mulder bliuwt foarearst oan as deputearre. Mulder drige op te stappen as de steaten net meigean soene yn syn takomstplannen foar it Frysk basisûnderwiis. Mulder woe it Frysk in legere status jaan yn it ûnderwiis.

Nei de steategearkomste fan woansdei docht bliken dat de mieningsferskillen tusken de deputearre en de steaten basearre wiene op misferstannen. Mulder bliuwt dêrom oan. Yn oktober komt er mei in nij plan fan oanpak foar it Frysk

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)