Gasboarrings al yn 2006 begjinne

21 apr 2005 - 12:30

It kabinet wol de gasboarrings op it Waad mei in 'fersnelde proseduere' trochfiere. De boarrings kinne dan takom jier al begjinne. Dat is twa jier gauwer as fia de normale prosedueres.

Dat docht bliken út in brief fan minister Brinkhorst fan Ekonomyske Saken oan de Twadde Keamer. Der soe gau boarre wurde moatte omdat de hjoeddeistige gasfoarrieden lytser wurde. Boppedat soe gaswinning in soad banen foar it Noarden opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)