Radio 538 foar War Child

Radio 538 komt tongersdei de hiele dei oant 12 oere nachts live út Ljouwert wei. De radiostjoerder is dwaande mei in aksjewike om jild op te heljen foar War Child en toert troch it hiele lân.
Op de Lange Piip op de Nijstêd wurde útstjoerings makke mei live optredens fan artysten út de regio lykas Denise Rivera, Anne Feenstra en Iris Kroes. Ek is der in poadium foar jong talint. Publyk kin jild jaan en in plaat oanfreegje. It doel fan 'e aksje is om bern yn oarlochsgebieten wer nei skoalle gean te litten.
Yn Ljouwert diene foaral in soad skoallen en studinten oan de aksje mei lykas it Friesland Kolleezje, de NHL en Hegeskoalle Stenden.