Kado foar Natuermonuminten

© Omrop Fryslân
It kabinet hat de Feriening Natuermonuminten in natuergebiet op Skiermûntseach jûn. De feriening krijt fan it Ryk ek nochris in ton yn it jier om it gebiet te behearen.
It gebiet is 4300 bunder grut. De helte bestiet út lân, de rest leit yn de Waadsee. Natuermonuminten krijt it stik natuergebiet as jubileumkado foar it 100-jierrich bestean. It gebiet wie oant no ta fan Rykswettersteat. De grûn bliuwt yn hannen fan it Ryk.