7,3 foar leefberens Dongeradiel
Ynwenners fan de gemeente Dongeradeel binne aardich te sprekken oer de leefberens. Alle tsientûzen hûshâldens binne yn in enkête frege nei harren oardiel oer saken as it iepenbier grien en de wenomjouwing.
Rûchwei jouwe de ynwenners it rapportsifer 7,3. Oer it generaal fine de Dongeradielsters wol dat it allegear wat better kin mei de boarterstastellen yn de gemeente.