Boetes foar losrinnende hûnen

19 apr 2005 - 10:04

Minsken dy't dizze maaitiid har hûn los rinne litte yn de bosken, krije sûnder útsûndering in boete. Fan oare wike moandei ôf wurdt der ekstra strang kontrolearre op dit soarte fan oertredings yn natuergebieten yn Fryslân.

Ek saken as kuierjen bûten de paden of it meinimmen fan planten wurde yn de gaten hâlden. Acht organisaasjes, wêrûnder de plysje, de provinsje en it Fryske Gea dogge mei oan de kontrôles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)