Proses tsjin gasboarrings Waad

19 apr 2005 - 07:07

Der sil hoe dan ek prosedeard wurde tsjin de foarnommen gasboarrings yn de Waadsee. Ferûntrêste leden fan de Waadferiening ha dêr plannen foar, no't it bestjoer net nei de rjochter stapt.

Sneon sil it bestjoer fan de Waadferiening op de jiergearkomste de leden útlizze dat it yn earste ynstânsje gjin beswier makket tsjin de gaswinning. Is in mearderheid it dêrmei iens, dan splitse de ferûntrêste leden har ôf en rjochtsje se in stifting op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)