Fabriken foar koalsiedoalje

19 apr 2005 - 06:29

It bedriuw Delta Oil yn Harns sil yn Ljouwert en Harns twa fabriken bouwe om koalsiedoalje te produsearjen en te ferkeapjen. It fabryk yn Ljouwert komt op it westlike yndustryterrein. Yn Harns wurdt op it bedriuweterrein Oostpoort 2 in fabryk boud.

Yn de fabriken wurdt saneamde PPO makke, Pure Plantaardige Olie. Dat is in skjin alternatyf foar diesel en bensine. It bedriuw yn Harns bout ek auto's om sa't se op dy oalje ride kinne

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)