Utslach Fanfare Kampioenskippen

18 apr 2005 - 16:28

Muzykferiening Joost Wiersma fan Jistrum is sneon twadde wurden by de Nederlânse Fanfare Kampioenskippen yn De Lawei yn Drachten. Joost Wiersma die mei yn de earste divyzje. Dêr gie de earste priis nei in feriening fan bûten Fryslân: De Hoop út Stellendam.

By oare divyzjes wiene der wol Fryske winners: Studio fan it Heidenskip wûn yn de twadde divyzje en De Bazuin fan Stiensgea yn de fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)