Bylsma start fabryk yn Bulgarije

© Omrop Fryslân
Meubelfabryk Bylsma fan Frjentsjer bout in twadde fabryk yn Bulgarije. Yn it fabryk wurde kasten makke. Op it stuit wurdt dat bouwen fan kasten útbestege oan bedriuwen yn Kroaasje en Poalen.
Omdat Bylsma it wurk leaver sels docht, is besletten in eigen fabryk mei 35 wurknimmers op te setten yn Bulgarije. De opset fan it nije fabryk sil gjin gefolgen ha foar de wurkgelegenheid by it fabryk yn Frjentsjer.