Van Hoving nei Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Stephan van Hoving giet nei de Harkemase Boys. De 21-jierige ferdigener krige by Cambuur gjin nij kontrakt. Van Hoving spile twa jier foar Cambuur, mar koe net mear rekkenje op in basisplak. De âld-ynwenner fan Bûtenpost begûn syn karriêre by Hearrenfean.
Van Hoving is nei Jeroen van der Berg (VVOG), Jelmer Mullender en Davy Veltman (beiden Cambuur) de fjirde spiler dy't de Boys oanlutsen hat.