Trekker yn sleat by Goutum

© Omrop Fryslân
Plysje en brânwacht ha sneintemoarn by Goutum op syk west nei de bestjoerder fan in trekker. In foarbygonger hie by de plysje meld dat der by de Boksumerdyk in trekker yn de sleat lei. De bestjoerder wie nearne te finen.
Ek plysjes en dûkers fan de brânwacht koene de bestjoerder net fine. Der wurdt no fanút gong dat dy himsels yn feiligens brocht hat. De plysje en brânwacht helje de trekker út de sleat.