Ronald McDonaldhûs Lyndensteyn

17 apr 2005 - 14:07

Lyndensteyn yn Beetstersweach krijt mooglik in Ronald McDonaldhûs. Op dit stuit wurdt ûndersocht oft der ferlet is fan sa'n opfang by Revalidaasje Fryslân.

Yn it hûs kinne famyljeleden fan sike bern oernachtsje. Yn it hiele lân binne fyftjin fan sokke huzen. By sikehûs MCL yn Ljouwert stiet sûnt novimber ek sa'n hûs. Mar dêr wurdt noch net folle gebrûk fan makke. De besetting is net heger as 15 persint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)