'Skoalle net yn Wyldemerk'

© Omrop Fryslân
In kostskoalle foar probleembern yn Gaasterlân-Sleat moat kinne, mar net yn natuergebiet De Wyldemerk by Balk. Dat wie freedtejûn de miening op in diskusjejûn fan de FNP yn Harich. Doel fan de skoalle is probleemjongeren in kâns op in nij libben te jaan. Dat smyt ek nochris wurkgeledenheid op.
It beslút oer de Wyldemerk-skoalle falt oer trije moanne. Oer twa jier soe de skoalle der dan stean moatte.