ONS feilich nei 3-2 op HHC

17 apr 2005 - 13:42

ONS út Snits die sneon goeie saken troch thús mei 3-2 fan HHC út Hardenberg te winnen. Yn 'e earste helte like it der noch net op, want de Snitsers kamen mei 0-2 achter troch goals fan Scheepmaker en Kroeze. Yn 'e twadde helte soargen Haytema (2x) en âld-fuotbalprof Sandor van der Heide foar de oerwinning.

Troch dizze oerwinning kinne de Snitsers net mear út de haadklasse degradeare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)