Mark de Vries 'Mut Blive'

15 mrt 2012 - 14:01

Mark de Vries fan Cambuur krige tongersdei fan in supporter in bosk blommen by de training. De Vries spile moandei syn 400e wedstriid yn it betelle fuotbal. Mear noch as dat feit foel syn televyzje-ynterview op dat er nei de wedstriid tsjin AGOVV Apeldoorn joech.

De grutte Cambuurspits begûn oer de formele ûntslachbrief dy't er fan Cambuur krige hie, en realisearre him dat de ein fan syn lange karriêre tichtby is. De Vries bruts foar de kamera en doe kamen der triennen. Dêrnei folge in soad media-oandacht mei sels De Wereld Draait Door.

De fans fan Cambuur binne wiis mei De Vries. Se hawwe sels in twitteraksje foar him op tou set ûnder de namme 'Mark Mut Blive.'

Trefwurden: 
Mark de Vries SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)