Sechtich jier befrijing

16 apr 2005 - 18:13

It wie freed presys sechtich jier lyn dat Ljouwert, en dêrmei Fryslân, befrijd waard. Op tal fan plakken wurdt dêr by stilstien, ek troch skoalbern.

Om de bern tichter by de betsjutting fan de oarloch te bringen, hawwe in soad skoallen oarlochsmonuminten adopteard. Twa fan dy monuminten steane yn Ljouwert en Ferwert. Op in soad oare plakken leine skoalbern gedichten, blommen en krânsen op begraafplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)