Slaanderij op feest yn Arum

16 apr 2005 - 17:38

Yn Arum binne twa minsken ferwûne rekke by slaanderij op in feestje. Dat wie yn in wente oan de Westrastrjitte. Twa manlju, fan 21 en 31 jier, moasten mei ferwûnings oan de holle en oan de mûle nei it sikehûs ta.

Yn Harns is letter in 19-jierrige man út de gemeente Wûnseradiel oppakt foar de fjochterij. Wêr't de rûzje krekt om gie, is noch ûndúdlik. Wol is bekend dat it 21-jierrige slachtoffer en de fertochte famylje faninoar binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)