SAR selde útrêsting as ambulânse

16 apr 2005 - 15:35

De SAR-helikopters nei de Waadeilannen hawwe nije medyske apparatuer en brancards. De útrêsting is no gelyk oan dy yn sikeauto's. It gefolch dêrfan is dat pasjinten net mear fan de iene op de oare brancard oertild wurde hoege. It oertillen is ferfelend en kin ek gefaarlik wêze.

De nije appatuer smyt tiidswinst op. It guod kostet meiinoar 82.000 euro. De SAR-helikopter hellet jierliks 150 pasjinten fan de eilannen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)