Priis foar Thom Mercuur

16 apr 2005 - 15:21

Thom Mercuur fan Museum Belvédère yn Oranjewâld hat de Harry de Vroome-priis krige. De priis bestiet sûnt 2002 en is neamd nei de Drintske lânskipsarsjitekt Vroome, dy't yn 2001 ferstoar. Oan de priis is in bedrach fan 7500 euro ferbûn.

Mercuur krijt de erkenning foar de wize wêrop't it museum ynpast is yn it parklânskip fan it Bûten Oranjewâld. Der komt yn alle gefallen in feest foar de frijwilligers fan it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)