SC Hearrenfean wol De Roon

15 mrt 2012 - 14:00

SC Hearrenfean hat konkrete ynteresse foar middenjilder Marten de Roon. De 20-jierrige De Roon komt út de jeugdoplieding fan Feyenoord en stiet de lêste twa seizoenen ûnder kontrakt by Sparta. De Roon is oan de ein fan dit seizoen transferfrij.

SC Hearrenfean hat yn 'e striid om 'e hantekening fan De Roon konkurrinsje fan AZ en Heracles Almelo. Heracles woe de rjochtermiddenfjilder yn 'e winterstop al oernimme, mar dat woe De Roon net. Ek hat hy al in petear hân mei AZ. Hearrenfean sjocht yn De Roon in mooglik opfolger fan Viktor Elm.

Technysk direkteur Johan Hansma hat noch net praat mei de spilers fan wa't it kontrakt nei dit seizoen ôfrint. Dat binne Michel Breuer, Milan Kopic, Geert Arend Roorda, Viktor Elm, Michal Svec en Gerald Sibon.

Johan Hansma hat al wol in petear hân mei ferdigener Mitja Resek. De Sloveensk ynternasjonal wurdt dit seizoen hierd fan NK Aluminij Kidricevo. Hearrenfean hie in opsje ta keap, mar makket dêr yn it gefal fan Resek gjin gebrûk fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)