Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon troch in noch ûndúdlik ynsidint ferwûne rekke op de Spanjaardsleane yn Ljouwert. Tsjûgen hiene de man op strjitte lizzen sjoen en twa manlju dy't fuortriden op in scooter.
Troch in dúdlike sinjalemint koe de plysje de twa fertochten oanhâlde yn de Gealannen. Se binne 18 en 39 jier âld. De scooter is yn beslach nommen. De plysje hat de saak yn ûndersyk.