Fergunning gaswinning makliker

© Omrop Fryslân
It kabinet hat de lêste hobbels foar de winning fan gas ûnder de Waadsee weinaam. Troch de Waadsee ûnder te bringen yn de saneamde 'Ryksprojektregeling' kin der makliker miljeufergunnings ôfjûn wurde.
Neffens it kabinet is de stap nedich omt it Waadgas fan grut maatskiplik belang is. It beslút betsjut net dat der no direkt al gas wûn wurde kin. Earst moatte noch tal fan prosedueres trochrûn wurde.